Kjeld liket út de loft by Caparisgemeenten

De noazen fan de acht Caparisgemeenten lykje wer deselde kant op te stean. Der hawwe hiele gefjochten west, mar se binne it iens wurden oer it feit dat se it net iens binne. Der binne kompromissen sluten oer de wize wêrop Ljouwert, West- en Eaststellingwerf en Achtkarspelen it wurk fan de grienfoarsjenning oernimme moatte. Dy fjouwer gemeenten wolle op 1 april de grienmeiwurkers fan Caparis sels yn tsjinst nimme.
Der is in soad ûnrêst oer en der is no ôfpraat dat de kommende trije moannen goed útsocht wurde moat wat de finansjele gefolgen binne fan it oernimmen fan de grienfoarsjenning. Yntusken giet it oernimproses gewoan troch op 1 april.