Spotters sjogge út nei oankomst fleantugen Frisian Flag

24 mrt 2017 - 17:18

In goede tûzen spotters stiene freed al lâns de baan fan de fleanbasis Ljouwert. Se wachten op de oankomst fan de tastellen dy't meidogge oan de ynternasjonale oefening Frisian Flag. In soad minsken kamen om de F-15's fan de Amerikanen fêst te lizzen. Dy lânen oan de ein fan de middei. De maresjesee wie oanwêzich om yn de gaten te hâlden oft minsken har oan de ferkearsregels hâlden. Foar takom wike jilde spesjale maatregels. Dan kin net mear oeral samar parkearre wurde.

Boeten waarden freed noch net útskreaun, mar takom wike bart dat al as minsken stilstean op de trochgeande diken om de basis hinne of bygelyks sûnder ûntheffing parkearje yn it doarp Marsum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)