Soad animo foar VIP-kursus foar statushâlders

24 mrt 2017 - 17:06

Yn Dokkum is úteinset mei de earste VIP-training foar minsken mei in flechtlingestatus. VIP stiet foar Vluchtelingen Investeren in Participeren. Vluchtelingenwerk fersoarget de ekstra kursus en de animo is grut. De lessen binne bedoeld foar statushâlders dy't al slagge binne foar it ynboargeringseksamen. De Friese Poort en it Friesland College hawwe it smoardrok mei de ynboargeringskursussen oan statushâlders. Dat hat te krijen mei de ferhege ynstream fan flechtlingen twa jier lyn.

Drokte

Mear minsken hawwe in ferbliuwsfergunning krigen en al dizze minsken moatte ferplichte ynboargerje. Yn Fryslân kinne statushâlders ynboargeringslessen folgje by Stavoor, Vluchtelingenwerk, De Friese Poort en it Friesland College. De measten dogge dat by de twa ûnderwiisynstellings. En dy fernimme grutte drokte. By de Friese Poort binne se fan twa nei fjouwer groepen gien en hawwe se no 60 dielnimmers. It Friesland College hie in jier lyn noch in dikke 300 dielnimmers en dat is mear as ferdûbele no nei hast 900.

Ynboargerje

Flechtlingen krije trije jier om yn te boargerjen. Se moatte ferplichte in ynboargeringseksamen dwaan. Statushâlders binne sels ferantwurdlik foar it learen fan dit eksamen. It binne yn totaal seis ferskate eksamens: lêze, skriuwe, harkje, prate, kunde fan de Nederlânske maatskippij en oriïntaasje op de arbeidsmerk. Ynboargerjen kostet jild. Statushâlders kinne hjir jild foar liene fia DUO, dy't ek ferantwurdlik is foar de stúdzjefinansiering. Wurdt it eksamen binnen trije jier net helle, dan krijt de statushâlder in boete. Hellet hy of sy it wol, dan hoecht de DUO-liening net werom betelle te wurden. Gemiddeld kostet ynboargerjen €6000. De boete foar it net op 'e tiid ynboargerjen is maksimaal €1250. Yn de praktyk is dizze boete noch net faak jûn.

VIP-training

Ien kear slagge foar it ynboargeringseksamen, dan is de statushâlder der noch net, mar dan begjint it pas. In libben opbouwe yn Fryslân. Fan grut belang hjirby is it finen fan wurk. Flechtlingewurk Dongeradiel organisearret dêrom spesjale kursussen foar statushâlders om se te helpen by it finen fan wurk, de saneamde VIP-trainings. De latte foar wurknimmers leit yn Nederlân hiel heech, dat leare se. Wêr't se it meast tsjinoan rinne is dat se mentaal in knop omsette moatte. Guon hawwe in goede oplieding dêr't se no neat mei kinne en moatte hielendal op 'e nij begjinne. Ek wurdt der goed sjoen nei watfoar wurk der allegearre yn 'e regio is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)