Wurkstraf easke tsjin fertochte yn ûntuchtsaak

24 mrt 2017 - 15:56
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tsjin in man út Drachtsterkompenije is in wurkstraf fan tachtich oeren easke yn in ûntuchtsaak. De kwestje soe tolve jier lyn spile ha. De man soe doe syn minderjierrich skoansuske meardere kearen betaaste ha. It famke hie gjin oanjefte dien, omdat se it houlik fan har sus en sweager net op it spul sette woe. Twa jier lyn is se nei de plysje stapt, doe't it pear yn skieding lei. De fertochte ûntkent. Hy seit dat syn eardere skoanfamylje him in hak sette wol. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)