Steuring by Frisiabrêge yn Frjentsjer, gjin betsjinning

24 mrt 2017 - 13:50
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De Frisiabrêge yn Frjentsjer hat sûnt freedtemoarn seis oere te krijen mei in steuring. Der is te min oaljedruk en dêrtoch kin de brêge net betsjinne wurde. It is net dúdlik hoelang't it duorret om it probleem op te lossen.

De problemen mei de nije Stasjonsbrêge yn Frjentsjer binne wer oer. Dêr wie tongersdei in steuring. De brêge bleau healwei stykjen. Monteurs hienen it probleem tongersdeitejûn wer oplost.

(Advertinsje)
(Advertinsje)