Ferieningen kinne tenei de eigen sportfjilden meane

24 mrt 2017 - 12:04
Sportfjild - Foto: Omrop Fryslân

Sportferieningen yn Achtkarspelen krije fan de gemeente de kâns om tenei de eigen fjilden te meanen. De ferieningen bepale dan sels, ôfhinklik fan bygelyks it waar, wannear't se krekt meane. Dat soe better wêze foar de kwaliteit fan it gers. In eksperimint by Boelensloane, Bûtenpost, De Harkema en Koatstertille wiist neffens de gemeente út dat troch dy wurkwize de kwaliteit fan de fjilden yndie better wurdt.

Neidiel is wol dat der mear frijwilligers nedich binne. De gemeenteried praat meikoarten fierder oer de mooglikheden.

(advertinsje)
(advertinsje)