Fryske politisy dogge oprop foar rommer bernepardon

Bernepardon © ANP
Fryske politisy fan de PvdA, D66, ChristenUnie en GrienLinks dogge in oprop oan it nij te foarmjen kabinet foar in rommer bernepardon. Se hawwe hjirfoar in Frysk Pamflet opsteld. Dat is ûndertekene troch wethâlders en riedsleden út meardere gemeenten, wêrûnder Ljouwert, Smellingerlân, Harns en Súdwest-Fryslân. Op it stuit wurdt 95 persint fan alle oanfragen foar in bernepardon ôfwiisd, sa sizze de partijen. Sy fine dat in nij kabinet gau oan de slach moat mei in rommer bernepardon.
De partijen freegje ek omtinken foar de posysje fan bern yn de asylproseduere. Se wurde no faak ûnnedich oerpleatst, sizze de politisy, en dat kin oars. Dat jildt neffens har seker ek foar it útsetten fan gesinnen. Dat moat folle humaner barre. Friezen dy't it inisjatyf fan PvdA, D66, ChristenUnie en GrienLinks stypje wolle, kinne it Frysk Pamflet ûndertekenje fia de webside petities.nl.