Ternaarder (55) fêstbûn en bedrige by wapene oerfal

24 mrt 2017 - 11:47

In 55-jierrige man fan Ternaard is tongersdeitejûn yn syn hûs oan De Groedse oerfallen troch trije manlju. Hy waard fêstbûn en mei in fjoerwapen bedrige. Tongersdeitejûn tsjin tolven waard der op in rút fan syn wenning kloppe, wêrnei't de man de foardoar iepen die. Trije manlju kamen syn hûs yn en oermasteren de man. Sy bedrigen de bewenner mei in fjoerwapen. Dêrnei hawwe se syn wenning trochsocht.

Uteinlik is it slachtoffer fêstbûn, wêrnei't de oerfallers útnaaiden. De man wist himsels te befrijen en koe doe de plysje warskôgje. De plysje is in ûndersyk begong en siket tsjûgen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)