Hieltyd mear boeren mei psychyske problemen

24 mrt 2017 - 11:39

Hieltyd mear boeren melde har foar psychyske help by de stichting Zorg om Boer en Tuinder. De regio Noard krige dit jier al acht meldingen, oer hiel ferline jier wienen dat der alve. Fersiken om help komme benammen út de melkfeehâlderij. Dêr giet it minder goed, as gefolch fan allegear wetten en regels. Lykas de regeling wêrneffens boerebedriuwen minder dong produsearje meie.

Banken binne ek stranger wurden, wêrtroch boeren noch mear yn de problemen reitsje. De frijwilligers fan de stichting Zorg om Boer en Tuinder biedt boeren in lústerjend ear en sykje mei har nei de bêste oplossing foar de problemen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)