Subsydzje foar regionale ûntwikkeling yn Noard-Fryslân

24 mrt 2017 - 11:16
Euro(pa) - Foto: ANP XTRA

Der is 4,3 miljoen euro oan subsydzje beskikber foar projekten yn Noardwest- en Noardeast-Fryslân. It giet om jild út it Europeeske LEADER-projekt, in programma foar regionale ûntwikkeling. Om foar subsydzje yn oanmerking te kommen, moat ynset wurde op fersterking fan de leefberheid en de ekonomy. Bygelyks om doarpen mear selsfoarsjennend te meitsjen of ferbiningen tusken tradisjonele en digitale bedriuwen te meitsjen. Dêrmei soene jongeren bûn wurde kinne oan de regio.

Oanfragen

It LEADER-subsydzjeprogramma wurdt no moandei iepensteld. Tusken 27 maart en 5 maaie kinne de oanfragen yntsjinne wurde.

Gemeenten

Yn de regio Noardwest-Fryslân kinne inisjatyfnimmers út de gemeenten Harns, Frjentsjerteradiel, It Bilt, Menameradiel, Littenseradiel, Ljouwerteradiel en Ljouwert oanfragen yntsjinje foar de LEADER-subsydzje. Foar de regio Noardeast-Fryslân jildt dat foar de gemeenten Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel, Kollumerlân, Ferwerderadiel en Tytsjerksteradiel.
 

(Advertinsje)
(Advertinsje)