Gemeente Ljouwert stelt oanlis kanaal Schilkampen út

24 mrt 2017 - 10:54

Fanwege it begjin fan it briedseizoen stelt de gemeente Ljouwert de oanlis fan in kanaal by de buert Schilkampen yn de stêd út oant de ein fan de simmer. Dat hat de gemeente freedtemoarn bekend makke. Troch juridyske prosedueres is it meitsjen fan de trochstek by Schilkampen al meardere kearen útsteld. No't it briedseizoen begjint, fynt de gemeente it net ferantwurde om no noch te begjinnen mei de wurksumheden.

De gemeente seit net te wachtsjen op de útspraak fan de Ried fan Steat. Bewenners hawwe dêr earder besocht de farferbining tsjin te hâlden. Se binne ferromme dat de oanlis no earst net trochgiet en dat de briedende seefûgelkoloanje rêstich sitte bliuwe kin.

Subsydzje

De gemeente Ljouwert hat de provinsje wol frege om de taseine subsydzje foar de oanlis fan it kanaal langer beskikber te stellen, yn elts gefal oant de ein fan dit jier. De bewenners sizze dat de nije farwei better op in oar plak komme kin en dat dy minder breed wurde moat.

(advertinsje)
(advertinsje)