Frysk Strjitfestival duorret tenei mar twa dagen

24 mrt 2017 - 10:45

It Frysk Strjitfestival yn Ljouwert giet werom fan trije nei twa dagen om't er te min jild beskikber is. Fan de gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân krijt it Frysk Strjitfestival de kommende twa jier minder subsydzje as de ôfrûne jierren. It festival mei teäter en muzyk is dêrom allinne noch op freedtejûn en sneon, en net mear op snein.

It wurdt finansjeel stipe troch de Ljouwerter hoareka-ûndernimmers. Dit jier is it Frysk strjitfestival op 26 en 27 maaie yn de Ljouwerter binnenstêd. It is fergees tagonklik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)