''Shell moat plannen gaswinning Ternaard gau ynlûke''

24 mrt 2017 - 10:20

Shell moat plannen om gas te winnen yn de Waadsee by Ternaard gau ynlûke. As it bedriuw serieus is mei de omslach nei duorsume enerzjy, moat it bedriuw it Wrâlderfguod mei rêst litte. Dy oprop dogge de Waadferiening en de aksjegroep Fêste Grûn Dongeradiel oan de direksje fan Shell en ExxonMobil. Beide bedriuwen binne grut oandielhâlder yn de NAM, de Nederlandse Aardolie Maarschappij.

Der is by bewenners út it gebiet en tal fan organisaasjes belutsen by de Waadsee in soad wjerstân tsjin de foarnommen gaswinning. Se fine dat de bedriuwen kieze moatte foar it behâld fan it Wrâlderfguod.

Omslach meitsje

Oandielhâlders fan Shell hawwe earder oanjûn dat it bedriuw de omslach meitsje moat fan de winning fan fossile brânstof nei duorsume enerzjy. ''Wat soe it dan moai en symboalysk wêze om dy omskeakeling te begjinnen by in lyts doarp lâns de Waadseekust'', sa stelle de Waadferiening en de aksjegroep Fêste Grûn Dongeradiel.

(advertinsje)
(advertinsje)