Boalserter (30) oanhâlden foar stellerij fan boat

24 mrt 2017 - 10:16
Foto: ANP

De plysje hat tongersdeitenacht in man fan 30 jier út Boalsert oanhâlden fanwege mooglike stellerij fan in boat yn Wolvegea. In tsjûge hie de man sjoen yn in auto mei oanhinger by in jachtwerf oan de Jachtwerfstrjitte yn Wolvegea. Hy fertroude it net en warskôge de plysje. De tsjûge seach dat der in boatsje ferpleatst wie en spruts de man oan. Dy hong neffens de tsjûge in frjemd ferhaal op en naaide dêrnei út.

De plysje kaam derachter dat de man earder oanhâlden wie om't er in bûtenboardmotor stellen hie. De Boalserter is oppakt yn syn wenning. Hy sit fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Boalsert boat stellerij plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)