Modelspoarmuseum organisearret speeddate foar frijwilligers

24 mrt 2017 - 10:04
In modelspoartrein - Foto: Omrop Fryslân, Joline Dalstra

It Nasjonaal Modelspoar Museum yn Snits organisearret begjin april in speeddatejûn om nije frijwilligers te lûken. It museum is op tiisdeitejûn 4 april dan iepen sadat ynteressearden yn petear gean kinne mei de frijwilligers dy't dêr no al wurkje. Doel is dat de nije frijwilligers sa fuortendaliks yn de kunde komme kinne mei it modelspoarmuseum.

It museum hat ferlet fan frijwilligers, lykas rûnlieders en resepsjonisten. Ek wurde minsken socht dy't meiwurkje wolle oan edukative programma's en promoasjoniele aktiviteiten. It museum hopet mei de speeddates in tal entûsjaste frijwilligers te lûken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)