Plysje kontrolearret bromfytsen yn Ljouwert

24 mrt 2017 - 08:28
Foto: Twitter @politie_lwdn

De plysje hat tongersdei yn de binnenstêd fan Ljouwert in grutte bromfytskontrôle hâlden. Mear as fyftich brommers waarden kontrolearre by it Aldehoustertsjerkhôf en de Blauwe Golf. By guon bromfytsers wie der wat net yn 'e heak.

Sa rieden ferskate bestjoerders te hurd of hienen se gjin rydbewiis. Ek dielde de plysjes boetes út foar it riden op glêde bannen en it fêsthâlden fan de mobile telefoan ûnder it brommerriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)