Kollum: ''Hertekreet''

24 mrt 2017 - 08:00

''As it waar meisiet, wie ik as bern hast altyd bûten. Wat yn it fjild omprutse. Ik herinnerje my sompich lân, mei stikken fan dat wiete, hege, donkergriene gers. Sûnder learzens koene je net, oars hiene je kletspoaten. Ik haw wolris yn de drek fêstsitten. Op de brede gersspriten koest fluitsje. En wa hat der gjin halskettinkjes makke fan koweblomkes. En op hynsteblomplús blaast, klaverkes fiif socht. Ik rûn troch it fjild mei in gersspryt yn de mûle en waande my boer.

Om my hinne groeiden fjildblommen. De geuren en de lûden wienen as in goed konsert foar de sintugen. De geur fan it gers. It gûnzjen. It lûd fan de ljip. It wie ek goed oppasse. Foar de guozzen yn it lân. Se koenen ferskrikkelik lilk wurde en raze. Yn it fjild hie ik as jong famke it ultime gefoel fan frijheid. It wie ek oplaadtiid. Fan al dat moais om je hinne, waard je relaxed en enerzjyk tagelyks. It wie as soerstof foar de geast.

As ik yn Fryslân bin, wol ik de moaiens o sa graach wer rûke, hearre en sjen om er myn geast mei op te laden. Ik soe it ek graach trochjaan wolle. Mar der is wat feroare. Ik kin dat frisgriene, it sompige, it weelderige, it kleurige, net sa goed mear fine. It is der noch wol, mar ek wer net. De kakofony liket ferstomme, geuren binne oars.

As ik troch de provinsje toer, fan De Jouwer oant Drachten, fan Drachten oant Spannum, fan Spannum oant Tsjerkwert of rjochting it Waad, sjoch ik flets, rjochtlinich somber lân. As is de fleurichheid derút. As sizze de bijen, de flinters, fûgels, moltsjes en sels reinwjirms en ynsekten: jim besjogge it mar. Jo sille miskien tinke, wat wit sy der no fan, stêdske eamelkont, dy't hjir net iens mear wennet. Nee, dat kloppet, mar miskien sjoch ik de feroaringen as Frysk om utens just wol dúdliker.

It slimste is noch, dat myn feint nei twa simmerfakânsjes yn Fryslân, suver ferromme wie doe't we in kear by Appelskea rjochting Drinte rieden. It hie wat earmoedichs, fûn er, dat flakke, deade biljartlekkenlân. Ik koe wol gûle. Hoe kin dat no. Wêr is myn Garden of Eden bleaun.

Der is in wurd foar dat knagende gefoel. Ik learde it dizze wike fan sjoernalist Jantien de Boer fan de Ljouwerter: landschapspijn. Se skreau dêr in boek oer, it kaam earjuster út. Sy hat it wurd wer fan Theunis Piersma, trekfûgel-ekolooch. Hy wie 25 jier Fryslân út, kaam werom en wie totaal oerdondere. Wat wie hjir yn fredesnamme bard.

Wa't ek mear snappe wol fan wat er yn fredesnamme bard is, kin ik it boek fan Jantien de Boer oanriede. Boeren komme oan it wurd, mar ek ûndersikers lykas Piersma en oare minsken dy't ferstân hawwe fan it Fryske lân.

De oarsaak dat we no massaal mei betongers, deade wjirms en heechbejaarde grutto's sitte dy't gjin aai mear grutbringe kinne yn it kontinu meande lân, is net sa simpel. Wize nei de boeren helpt seker net. It kwetst se, se wurkje harren út de naad en der is hiel wat ferbettere. Mar ik kin de skriezen dy't de kâns net mear krije om it fleanen te learen en massaal stjerre, ek net ferjitte.

Earlik sein tink ik dat guon bestjoerders, en de molkemultinationals, de Campina's fan dizze wrâld, stront yn de eagen hawwe. En wat bedoelt de grutste partij fan Fryslân, it CDA, no eins mei rintmasterskip as der aans gjin biodiversiteit mear is? Feit is, dat it sompige fjild mei de skries, de ljip, de bij, guon fjildblommen en bestowers, ferdwine as snie foar de sinne, as der neat bart. Mei alle desastreuze gefolgen. Myn hert bliedt foar Fryslân.''

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tydskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûnderet. Se is te folgjen op Twitter.

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)