Advys: minder fiskje op brazems yn de Iselmar en Markermar

Fiskers op 'e Iselmar
Der moat minder brazems en wytfoarns fongen wurde út de Iselmar en de Markermar. Dat advisearret it ûndersyksynstitút Wageningen Marine Research oan it ministearje fan Ekonomyske Saken. De ûndersikers sjogge dat dizze fisksoarten minder foarkomme en se advisearje om dêr 30% minder fan te fangen. De minister moat noch bepale oft er dit advys oernimme sil.