Pieter Weening falt mei knibbelblessuere út yn Kataloanië

23 mrt 2017 - 21:48
Weening rekke by in fal flink blessearre oan de knibbel - Foto: Team Roompot

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema giet freed net fierder yn de Ronde fan Kataloanië. Hy is tongersdei by in falpartij flink blessearre rekke oan de knibbel. Dêr sitte no hechtingen yn en Weening wol dêr gjin risiko mei rinne.

Hy wol net dat syn dielname oan de Amstel Gold Race en Luik-Bastenaken-Luik troch de blessuere yn gefaar komt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)