Undersyk nei mêst-ûngelok 'Amicitia' noch altyd net klear

23 mrt 2017 - 21:43
Foto: Noordernieuws

De Onderzoeksraad voor Veiligheid is noch hieltyd dwaande mei it ûndersyk nei it ûngelok op sjarterskip 'Amicitia' yn Harns dêr't ferline jier trije minsken by om it libben kamen.

De ûndersikers roppe skippers en eigeners fan saneamde 'brunefloat-skippen' op om in enkête yn te foljen. Dêrmei wolle se mear te witten komme oer de wize wêrop't sokke skippen ûnderholden en sertifisearre wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)