Fermist: Sake de Jong (21) út Bûtenpost

23 mrt 2017 - 20:56
Foto: Plysje Noardeast Fryslân

De 21-jierrige Sake de Jong út Bûtenpost wurdt sûnt woansdei fermist. Hy is rinnende fan hûs gien en dêrnei net wer sjoen. Hy is 1.93 lang en hat in normaal postuer. Hy hat wierskynlik in grize trui oan, in donkerblauwe spikerbroek en in donkere jas. Dêrûnder hat er swarte sportskuon fan it merk Nike. Hy koart donkerblond hier.

Wa't tinkt dat se Sake sjoen hawwe of witte wêr't er is wurdt driuwend frege dat oan de plysje troch te jaan op 0900-8844

(Advertinsje)
(Advertinsje)