Petysje 'Laat Heerenveen niet zakken' 400 kear tekene

Mear as 400 bewenners fan It Hearrenfean hawwe in petysje ûndertekene tsjin de gaswinning ûnder de wenwyk Skoatterwâld en it bedriuweterrein IBF. Dy petysje fan de bewennerskommisje 'Laat Heerenveen niet zakken' is tongersdeitejûn oanbean oan wethâlder Siebenga fan de gemeente Hearrenfean.
It kolleezje fan B en W hat al witte litten dat se in second opinion dwaan litte sille nei de gaswinning fan Vermilion. De gaswinning is al twa jier oan de gong, sûnder dat der tastimming foar is.
It Staatstoezicht op de Mijnen wol dêrom dat Vermilion ophâldt mei de gaswinning, mar it bedriuw hat beswier oantekene.