FIDEO: de NL-Award fan Annagreet Miedema

23 mrt 2017 - 17:58

Omrop Fryslân hat woansdei trije NL-Awards yn de wacht sleept. De NL-Awards binne de jierlikse prizen foar produksjes fan de regionale omroppen. Omrop Fryslân wie mei seis nominaasjes yn de sân kategoryen de omrop dy’t it meast nominearre wie foar de NL-Awards.

Yn de kategory ‘Beste radioprogramma’ wûn de radiodokumintêre ‘Burn-out by jongeren’ fan Annagreet Miedema. Hoe komt it dat hieltyd mear jongeren in burn-out krije? Yn de dokumintêre fertelt Annagreet har persoanlike ferhaal en dat makke yndruk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)