Eigener skjinmakbedriuw dongsilo-saak giet yn heger berop

23 mrt 2017 - 17:04
De dongsilo yn Makkingea dêr't trije deaden foelen - Foto: ANP

De eigener fan it skjinmakbedriuw dy't ferantwurdlik holden wurdt foar it deadlik ûngelok yn in dongsilo yn Makkingea, giet yn heger berop tsjin syn straf. De man is twa wiken lyn troch de rjochtbank yn Zwolle feroardiele ta in wurkstraf fan 240 oeren en in selstraf ûnder betingst fan ien jier. Ek krige er in boete fan 100.000 euro. It Iepenbier Ministearje hie dit ek easke.

It wurdt de man ferwiten dat er de risiko's fan it skjinmeitsjen fan de dongsilo net goed ynskat hat en dêrmei oaren yn gefaar brocht hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)