FIDEO: Nije nêstkastkes ophongen yn Nijeberkeap

23 mrt 2017 - 16:41

Mar leafst 75 nije nêstkastkes hat de fûgelwacht fan Alde- en Nijeberkeap krigen. Begjin maart waarden in tritichtal kastkes fan de wacht yn Nijeberkeap fan de beammen skuord en fernield. Troch ûnder oare It Fryske Gea, Lânskipsbehear en partikulieren is nij materiaal oanbean, mei-inoar sels mear as dat se hiene. Dizze dagen binne de fûgelwachters drok dwaande alles wer te plak te hingjen, foardat de sjongfûgels oan it brieden begjinne.

Jûn yn Hea! in reportaazje oer de fûgelwachters fan Nijeberkeap.

(Advertinsje)
(Advertinsje)