Fierljeppers yn Burgum krije nije skânsen

23 mrt 2017 - 16:13

De Ljeppersklup Burgum krijt in nije fierljepakkommodaasje. Der komme nije skânsen en de ôfstân tusken de skânsen wurdt grutter. Foar de jeugd komme der twa spesjale skânsen. De Ljeppersklup krijt der 35.000 euro subsydzje foar fan de provinsje. Mei inoar kostet de nije akkommodaasje dik 117.000 euro.

(Advertinsje)
(Advertinsje)