Steuring oan nije stasjonsbrêge fan Frjentsjer

23 mrt 2017 - 16:05
De brêge wol net mear op of del - Foto: Facebook Folkert Kuperus

De nije stasjonsbrêge oer it Van Harinxmakanaal yn Frjentsjer woe oerenlang net mear op of del. De brêge bleaun healwei stykjen. Wat der krekt mis gong is, is net dúdlik. Monteurs ha lang dwaande west om de steuring op te lossen.

Fytsers en fuotgongers waarden mei in skip fan de provinsje nei de oare kant fan it kanaal fearn, autobestjoerders moasten omride.

Fanwege de steuring waarden de Frjentsjerter Frisiabrêge en de brêge by Kiestersyl ek net betsjinne foar skipfeartferkear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)