Frou út Easterwâlde yn klinyk foar ynsmiten ruten plysjeburo

23 mrt 2017 - 15:36
Foto: Kappers Media

De frou út Easterwâlde dy't de ôfrûne tiid geregeld de ruten ynsmiten hat fan it plysjeburo moat opnaam wurde yn in psychiatryske ynstelling yn Frjentsjer. Dat hat de rjochtbank bepaald. De frou hat de plysje de ôfrûne moannen in soad wurk besoarge. Se belle hiel faak mei 112, se hat in plysjeman mei in mes stutsen en geregeld de ruten fernield.

Neffens har advokaat woe se oandacht ha. De frou hat in soad problemen en it rûn hielendal mis doe't har bern út 'e hûs pleatst waarden.

Behalve dat se opnommen wurde moat, mei se trije jier gjin drugs of drank brûke, hat se in selstraf ûnder betingst krigen en moat se de skea oan it plysjeburo fergoedzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)