Wenningen yn Akkrum ûntromme fanwege in gaslek
De plysje hat yn Akkrum sân wenningen ûntromme fanwege in gaslekkaazje oan de Heechfinne. De strjitte is ôfsletten. It liket derop dat de haadgaslieding rekke is by wurksumheden. Meiwurkers fan it gasbedriuw besykje de lekkaazje op te lossen.