Isabelle Diks ferjit helte fan eed as nij Twadde Keamerlid

23 mrt 2017 - 14:51

De ynstallaasje fan Twadde Keamerlid Isabelle Diks fan GrienLinks Ljouwert is tongersdeitemiddei net hielendal goed gien. Diks die har belofte yn it Frysk, mar der gong wat mis. Se hearde te sizzen: Dat ferklearje en ûnthjit ik. Mar Diks fergeat om 'ferklearje' te sizzen. Se hat it doe opnij dien en dat gie wol goed.

CDA-keamerlid Harry van der Molen fan Ljouwert lei de eed ek yn it Frysk ôf: sa wierlik helpe my God Almachtich. En syn VVD-kollega Aukje de Vries die de ferklearring en belofte yn it Nederlânsk.

Op Twitter jout Isabelle Diks mei in knypeachje de skuld foar de flater oan Harry van der Molen. "Uitgebreid besproken met collega Van der Molen en verkeerd advies gekregen ;). Maar meer aandacht voor het Fries is altijd goed!", sa skriuwt se.

(advertinsje)
(advertinsje)