Fjild Harkemase Boys goedkard foar Europeeske wedstriden

23 mrt 2017 - 14:21

Harkemase Boys hat de ôfrûne wiken bysûndere help krigen om it haadfjild op sportpark De Bosk te ferbetterjen. It ûnderhâld is dien troch meiwurkers dy't ek it fjild ûnderhâlde yn Feyenoordstadion De Kuip, dat bekend stiet as it bêste fjild fan Nederlân. Fuotbalbûn KNVB hat dat regele, sadat it fjild hielendal klear is as der ynterlannen spile wurde. Tongersdei, sneon en tiisdei komme de ûnder 19-ploegen fan Nederlân, Oekraïne, Finlân en Grikelân yn aksje op De Bosk.

Se spylje in kwalifikaasjetoernoai foar it EK ûnder de 19 jier. Toptalinten as Justin Kluivert (Ajax) en Rodney Kongolo (Manchester City) fuotbalje sneon op De Harkema.

It is de twadde kear dat der sa'n soart toernoai spile wurdt op De Bosk. Frijwilligers fan Harkemase Boys moasten wol in soad ekstra dingen dwaan om it sportkompleks klear te meitsjen. Sa moasten reklamebuorden ôfplakt wurde, moatte klaaikeamers oan tal fan easken foldwaan en moat der sels in romte klearmakke wurde foar in dopingkontrôle.

Tongersdei sette Oekraïne en Grikelân útein, sneon spilet Nederlân tsjin Oekraïne en tiisdei komme Oekraïne en Finlân yn aksje.

 

(advertinsje)
(advertinsje)