PM-kanaal stremd troch wurk oan brêge by Skûlenboarch

Rykswettersteat hellet freed it beweechbere part fan de brêge by Skûlenboarch fuort. Troch de wurksumheden sil it PM-kanaal stremd wêze foar it skipfeartferkear. De boppekant fan de brêge wurdt omheech tild en ferpleatst nei in driuwend ponton. De brêge wurdt dêrnei nei Grins brocht, dêr't er reparearre wurdt. It is noch ûndúdlik hoe lang de reparaasje duorret, omdat earst útfûn wurde moat wat de krekte skea is.
De brêge oer it PM-kanaal, tusken Jistrum en Heechsân, rekke op 17 jannewaris skansearre doe't in binnenfeartskip der tsjinoan fear. Sûnt dy tiid kin er net mear ticht.