Hokker Fryske skriuwer wol nei Maribor?

23 mrt 2017 - 13:33
Maribor yn Slovenië

Fryske skriuwers krije de kâns om fan septimber oant novimber acht wiken lang yn de Sloveenske stêd Maribor te ferbliuwen. Se kinne hjirfoar oant 20 maaie in foarstel yntsjinje by Tresoar. It giet om it projekt Other Words/Oare Wurden, in útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse Europeeske talen. Neist Fryslân dogge Ierlân, Baskelân, Slovenië en Masedoanië mei. Doel is om mei elkoar in nij skriuwersnetwurk op te bouwen en ek dat der boeken of gedichtebondels skreaun wurde.

Meikoarten sit de Biltske skriuwer Gerard de Jong acht wiken yn San Sebastian yn Baskelân. Begjin juny makket de sjuery bekend wa't der ein dit jier nei Maribor mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)