Bysettaffeltsje fan Metalis Drachten krijt lanlik omtinken

23 mrt 2017 - 12:31

In bysettaffeltsje hat derfoar soarge dat it Drachtster metaalbedriuw Metalis lanlik yn 'the picture' kaam. Snein wie yn it SBS6-telefyzjeprogramma vtwonen omtinken foar in bysettaffeltsje fan designûntwerper Peter van den IJssel. Hy sei derby dat it taffeltsje makke is troch in sosjaal wurkbedriuw út Fryslân, en dat is dus Metalis. By it bedriuw bestiet de helte fan de meiwurkers út minsken mei ôfstân ta de arbeidsmerk.

De metaalprodukten fan Metalis wurde ûnder oare brûkt foar de bou fan heftrucks, bussen, brêgen en fytsparkearsystemen.

Trefwurden: 
Metalis Drachten vtwonen
(Advertinsje)
(Advertinsje)