80 oeren wurkstraf easke foar ynternetfraude

© Omrop Fryslân
Tsjin in 29-jierrige frou út Ljouwert is in wurkstraf fan 80 oeren easke fanwege ynternetfraude. Se hat neffens it Iepenbier Ministearje har bankrekken beskikber steld oan in 28-jierrige ynternetoplichter út Utrecht. Fia ûnder oare marktplaats bea er iPads, telefoans en spulkompjûters oan. As minsken ien kear betelle hiene, waard der neat levere. It jild waard stoart op de rekken fan de frou út Ljouwert. As beleanning krige se in part fan de bút.
De plysje kaam it duo op it spoar fia it Meldpunt Internetfraude en troch eigen ûndersyk. De Ljouwerter rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.