Wetsus wint earste faze om Amerikaanske miljoenepriis

It Wetsusgebou yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Wetterûndersyksynstitút Wetsus yn Ljouwert hat de earste faze wûn fan de Amerikaanske George Barley Water Prize. Fan de 77 ynstjoerders mochten fiif teams in presintaasje hâlde, wêrunder Wetsus. Dit team wûn en krijt 25.000 dollar. De George Barley priis rjochtet him op techniken dy't fosfaat út wetter ferwiderje kinne tsjin reedlike kosten. It idee fan Wetsus wie de iennichste net-Amerikaanske ynstjoering dy't by de top 15 siet.
Meikoarten begjint de twadde faze fan de kompetysje. Dan wurde de techniken op laboratoariumskaal test en demonstrearre. Uteinlik moat der yn 2020 in wurkjende ynstallaasje stean. De winner fertsjinnet dêrmei 10 miljoen dollar.
De ynstjoering fan Wetsus: