Di-rect ôfslutende act op befrijingsfestival Fryslân

23 mrt 2017 - 11:16

De band Di-rect treedt op 5 maaie op as ôfsluter op it befrijingsfestival Fryslân. De Haachske band slút it festival ôf op it haadpoadium oan de ein fan de jûn. Earder makke de organisaasje fan it befrijingsfestival de ambassadeurs fan de frijheid al bekend: De Jeugd van Tegenwoordig as lanlike ambassadeur en Twarres as Fryske ambassadeur.

Lykas alle jierren hat it Omrop Fryslân programma Noardewyn ek in eigen poadium. Wol is de lokaasje nij: it Noardewynpoadium stiet dit jier op it Gouverneursplein. Under oaren Mooi Wark, de Doelleazen en Vangrail trede dêr op.

(advertinsje)
(advertinsje)