Spannende earste dei as Keamerlid foar Harry van der Molen

23 mrt 2017 - 08:16

Harry van der Molen begjint tongersdei oan syn earste dei op it Binnenhof yn Den Haach. De politikus fan it CDA is ien fan de trije Friezen dy't keazen binne as Twadde Keamerlid nei de ferkiezingen fan ferline wike. In spannende dei, fynt Van der Molen, mar hy hat der foaral in soad nocht oan. Hy is fan doel om nau kontakt mei syn Fryske kollega's Aukje de Vries (VVD) en Isabelle Diks (GrienLinks) te hâlden om op te kommen foar de Fryske belangen.

It CDA spilet in wichtige rol yn de formaasje fan it nije kabinet. Oft der foar Van der Molen bygelyks ek in funksje as steatssekretaris yn sit wit hy noch net. "Der bin ik net sa bot mei dwaande, it is pas myn earste dei as Keamerlid, dus ik gean der net fanút dat ik dy fraach krij," aldus Van der Molen.

Tongersdeitemiddei lizze alle nije Keamerleden de eed ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)