UNIS Flyers wint mei 4-3 fan Hijs Hokij

© Martin de Jong
Unis Flyers hat woansdeitejûn yn Hearrenfean mei 4-3 wûn fan Hijs Hokij út Den Haag. It duorre efkes foardat de Feanster iishockeyers goed yn it spul kamen. De Hagenezen profitearren yn it begjin fan in flater en skoarden de 1-0. Yn de 16e minút brocht Turcotte de 1-1 op it boerd en fia in goal fan Bezak waard de earste perioade ôfsletten mei 2-1 foar de Flyers. Yn de twadde perioade waard it 3-1 troch in goal fan Kevin Nijland. Den Haag kaam lykwols werom yn de tredde perioade, se wisten noch twa kear te skoaren.
Dat wie net genôch foar de winst, want ek Pippo Limnell makke noch in goal foar de Flyers. Troch de 4-3 oerwinning gean de Flyers oan de lieding yn de finale fan de BeNe League. Freed spylje se yn Den Haag. By winst ha de UNIS Flyers de 'triple', kampioen fan Nederlân, winner fan de nasjonale beker en winner fan de BeNe league.