Plysje op Waadeilannen komt faakst te let

22 mrt 2017 - 22:26
Foto: ANP

De plysje komt yn Fryslân it faakst te let op de Waadeilannen. Dat docht bliken út sifers fan de plysje sels. By likernôch de helte fan de spoedmeldingen is de plysje der net binnen in kertier. Dat is de wetlike maksimum-oanrydtiid. Yn Ferwerderadiel is de plysje ek faak te let. Dat betsjut noch net dat it dêr gefaarlik is. Ferline jier wie Ferwerderadiel noch de feilichste gemeente fan Fryslân, neffens de Nationale Misdaadmeter.

Trefwurden: 
plysje oanrydtiden ûndersyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)