Suppers helje ôffal út Snitser grêften

22 mrt 2017 - 21:23

De grêften fan Snits binne woansdei opromme troch peddelaars op in surfplank, ek wol suppers neamd. Se diene dat om't 2017 it jier fan it ôffalwetter is. In oere lang peddelen sa'n tsien leden fan Fryske SUP-skoallen troch Snits. De fangst bestie út pûden fol mei plestik bekerkes, ferpakkings en boumateriaal. De skjinmakkers binne fan doel dit faker te dwaan. Benammen yn de simmer, as der in soad toeristen op Snits ôfkomme, binne de grêften tige smoarch.

Trefwurden: 
ôffal suppen grêften Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)