Súdwest-Fryslân stekt twa ton ekstra yn ûnkrûdbestriding

22 mrt 2017 - 17:26

De gemeente Súdwest-Fryslân docht dit jier mear oan bestriding fan ûnkrûd tusken de tegels en de strjitstiennen. Ferline jier waarden allinnich de sintra fan de stêden en de histoaryske kearnen fan de doarpen oanpakt. No hat de gemeente twa ton ekstra útlutsen en is der jild om ek op oare plakken it ûnkrûd fuort te heljen.

Sûnt ferline jier is it ferbean om ûnkrûd mei gemyske middels te bestriden. De gemeente brûkt no in pear kear yn it jier hytwettermasines en boarstelmasines.

Der is noch altyd te min jild om alle klinkerdiken frij te hâlden fan ûnkrûd. Wethalder Stoker wol dat bewenners har eigen stoepen en parkearplakken skjinhâlde.

Trefwurden: 
ûnkrûd Súdwest-Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)