Skriuwerspear Nicci French sinjearret yn maaie yn Ljouwert

© Mark Kohn
Foar de earste kear komt der in sinjearsessy fan Nicci French yn Fryslân. Boekhannel Van der Velde is der yn slagge om it Britske skriuwerspear Nicci Gerrard en Sean French nei Ljouwert te heljen. De sessy is op sneon 6 maaie, fan 14:30 oant 15:30 oere. De boeken fan Nicci French binne populêr yn Fryslân, se hearre altyd by de bestsellers fan Van der Velde. De Ljouwerter boekhannel besocht al sûnt 2008 om in sinjearsessy mei Nicci French te organisearjen en is bliid dat dat no slagge is.
De oanlieding is it nijste boek fan it skriuwerspear, mei de titel 'Zondagochtend breekt aan', dat op 11 april ferskynt. Nei de sinjearsessy yn Ljouwert sille se ek noch nei Grins.