Frijwilligers socht foar útdielen evangeelje by The Passion

22 mrt 2017 - 16:29
Foto: Nederlands Bijbelgenootschap

It Nederlânsk Bibelgenoatskip siket minsken dy't op tongersdei 13 april boekjes mei it ferhaal fan Peaske útdiele wolle yn Ljouwert. Dat is foarôfgeand oan The Passion, dy't dit jier yn Ljouwert is. It bibelgenoatskip hat 5000 boekjes drukke litten, mei it lijensferhaal út it evangeelje fan Mattéus. Spesjaal foar Fryslân is der keazen foar in Nederlânske én in Fryske tekst. De boekjes wurde fergees útdield op it Saailân/Wilhelminaplein. Wa't meihelpe wol, kin terjochte by regiokoördinator Mark Koelewijn fan it bibelgenoatskip.

(Advertinsje)
(Advertinsje)