Bewenners Schilkampen by Ried fan Steat oer farferbining

22 mrt 2017 - 16:13
Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Bewenners fan de Schilkampen yn Ljouwert hawwe woansdei by de Ried fan Steat yn Den Haag op 'e nij besocht om de oanlis fan in nije farferbining tusken De Tynje en de De Kurkmeer foar te kommen. Earder protestearren sy ek al by de rjochter. De bewenners fine dat de nije farwei de koloanje seefûgels dêr yn de buert te bot fersteurt. Sy wolle dat de Ried in spoedútspraak docht. De echte heger beropssaak is letter dit jier. De Schilkampen is in lytse wenwyk oan de eastkant, flakby de seefûgelkoloanje.

De bewenners binne net perfoarst tsjin de nije farwei. Wol soe dy better op in oar plak kinne en minder breed wurde moatte. De gemeente Ljouwert hat al earder tasein dat de oanlis foarearst net begjint. Der wurdt wachte op in reaksje fan de provinsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)