Jong Hearrenfean mooglik nei topamateurs, ONS net bliid

22 mrt 2017 - 15:30

Sportklup Hearrenfean wol mei it belofteteam meidwaan oan ien fan de kompetysjes yn de fuotbalpiramide. ONS Snits fynt dat mar neat, belofteteams yn it amateurfuotbal. De KNVB hat in nije opset fan de kompetysje bekend makke fan de saneamde fuotbalpiramide.

<strong>Mear belofteteams</strong>

Difyzje Situaasje no Situaasje folgjend seizoen
Twadde difyzje 3 belofteteams 4 belofteteams

Tredde difyzje (ONS Snits en Harkemase Boys)

3 belofteteams 4 belofteteams
Haadklasse (Snits Wyt Swart en VV Hearrenfean) 0 belofteteams 3 belofteteams

Yn plak fan trije teams yn de twadde en tredde difyzje meie der no fjouwer belofteteams fan de betelle fuotbalklups meidwaan. Yn de haadklasse binne dat maksimaal trije ploegen de kompetysje. Sadwaande komt der miskien romte foar Jong Hearrenfean of Jong Cambuur. Hearrenfean wol graach mei in team ynstreame, mar neffens technysk direkteur Gerry Hamstra binne se der noch net út hoe en yn hokker kompetysje. Cambuur wit noch net yn hoefier se meidwaan wolle mei in team yn de fuotbalpiramide. ONS Snits fynt dat belofteteams net thús hearre yn it amateurfuotbal. "Fuotbalje yn lege stadions fine wy mar neat. Der is gjin sfear", seit ONS Snits-foarsitter Harm de Wagt.

Minder kontraktspilers

Njonken de taname fan belofteteams hat de KNVB de regels foar kontrakten ek ferromme. ONS Snits en Harkemase Boys moasten minimaal seis spilers foar tolve oeren fêstlizze. No wurdt dat oars. It hinget der fan ôf oft de klup in lokaal of regionaal sertifisearre jeugdoplieding hat. ONS Snits hat in lokale, Harkemase Boys hat gjin goeie jeugdopleiding neffens de KNVB.

Difyzje Net-sertifisearre Lokaal Regionaal
Tredde difyzje 3 0 0
Twadde difyzje (earste jier) 6 4 2
Twadde difyzje (twadde jier) 10 8 4

Harkemase Boys hat gjin inkelde kontraktspiler yn tsjinst dy't foldocht oan de CAO-betingsten. Neffens Harkemase Boys-foarsitter Albertus Boonstra sille se no sjen nei de opsjes: de jeugdoplieding ferbetterje of dochs trije spilers in kontrakt jaan. Dat kontrakt moat dan foldwaan oan de CAO. Tink dan oan pensjoenpreemje of syktekosten betelje. ONS Snits hat foar folgjend seizoen al seis spilers fêstlein. De Wagt: "As we dit earder witten hiene, dan hiene we it oars oanpakt. It is no maart en dus binne we no al sa goed as klear foar folgjend seizoen. It is wol ûnearlik dat se hjir no pas mei komme. We kin no net mear tsjin dy seis spilers sizze: it kontrakt jildt net mear. En oare klups kinne noch wol ôfsjen fan seis kontraktspilers."

(Advertinsje)
(Advertinsje)