Skoalbern drave foar Ljouwerter Mile

© Cambuur
Yn it Cambuurstadion yn Ljouwert is woansdeitemiddei it startsein jûn foar de Ljouwerter Mile. Dat is in programma fan njoggen wiken, wêrby't 500 bern fan seis basisskoallen in pear kear yn de wike tusken de lessen troch in stik hurddrave sille. Dêrby jouwe ambassadeurs fan de stichting Sport foar Sport in pear kear gastlessen. Dy stichting wol bern graach yn de kunde bringe mei it hurddraven. De bern wurkje nei in echte hurdrinwedstriid ta, de Kidsrun fan Loop Leeuwarden op 21 maaie.
By de start yn it stadion wiene 260 bern oanwêzich. Sy diene ûnder oare in warming-up mei keeper Harm Zeinstra fan Cambuur.