Fleanbasis makket him op foar Frisian Flag

22 mrt 2017 - 14:57

De grutte ynternasjonale oefening Frisian Flag begjint fan moandei ôf. Twa kear deis geane sa'n 50 strieljagers derop út om te oefenjen boppe de Noardsee. Frisian Flag duorret tsien dagen. Foar de fleanbasis Ljouwert is it in grutte logistike operaasje. Sân lannen dogge mei jachtfleantugen mei oan de oefening. It is fan grut belang foar de ynternasjonale gearwurking tusken de ferskate loftmachten.

Spotters

Foar it publyk jilde strange regels yn de omjouwing. Op de reade plakken meie je net komme. Stilstean op de autodiken is perfoarst ferbean. By de spottersbulte by Marsum is in parkearplak ynrjochte. Dêr kinne minsken tsjin in lytse fergoeding de auto parkearje.

De jachtfleantugen dy't dielnimme oan Frisian Flag dripkje de kommende dagen binnen. De ôfrûne dagen wie it al in drokte fan belang op de fleanbasis Ljouwert. Fanút Amearika lânen der njoggen grutte transporttastellen mei materiaal foar de tolve F-15's dy't meidogge. 

Njonken de Feriene Steaten en fansels Nederlân bin der noch fiif lannen dy't strieljagers stjoere. De oefening is fan grut belang foar de ynternasjonale gearwurking. Piloaten en monteurs leare fan inoar en fan inoars wurkwize. 

Paraat

Neffens basiskommandant Denny Traas lit it de 'tsjinstanner' ek sjen dat se paraat bin en klear foar de striid. Foar de Nederlânske piloaten is de training ek wolkom. De ôfrûne jierren bin se benammen ynset om grûndoelen te bombardearjen. Om elkenien wer folslein allround ynsetber te meitsjen is dizze training fan grut belang. 

Der wurdt benammen flein boppe de Noardsee. Twa kear deis, om 09:30 en middeis om 13:00 oere hinne, sette de jachtfleantugen ôf. Fan moandei ôf wurdt der tsien dagen lang flein. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)