PostNL betinkt '100 jaar De Stijl' op postsegel

22 mrt 2017 - 13:28

PostNL jout in postsegelfel '100 jaar De Stijl' út oer de ynfloedrike Nederlânske keunstbeweging út de 20ste iuw. Op de postsegels stiet wurk ôfbylde fan Theo van Doesburg, Piet Mondriaan, Cornelis van Eesteren, Gerrit Rietveld en J.J.P. Oud. De postsegels binne fan moandei 27 maart ôf te krijen. Dit jier is it 100 jier lyn dat De Stijl oprjochte waard. Yn hiel Nederlân binne tal fan eveneminten en tentoanstellingen yn it ramt fan it lanlike temajier 'Mondriaan tot Dutch Design'. Ek yn Museum Drachten binne ferskate útstallingen.

Herna Verhagen fan PostNL seit oer de nije postsegels: "Het is indrukwekkend hoe de kunstwerken van De Stijl in telkens een andere vlakverdeling van horizontale en verticale zwarte lijnen ook op postzegelformaat een eigentijds karakter behouden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)