Fertochte fan filmjen by fuotbalfroulju heard en wer frij

22 mrt 2017 - 11:56
Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

In 30-jierrige man út Achtkarspelen is begjin dizze wike oppakt. Hy soe it frouljusteam fan fuotbalklup GSVV út Gerkeskleaster yn it geheim filme hawwe wylst se har dûsten en omklaaiden. Hy is heard troch de plysje en in dei letter frijlitten. Hy bliuwt fertochte. De plysje docht noch fierder ûndersyk, ûnder oare op syn kompjûter. Der is ien oanjefte binnenkommen en der binne meardere tsjûgen heard. De plysje hat gjin oanwizings dat it geheim filmjen yn Gerkeskleaster ûnderdiel is fan in gruttere saak.

De fertochte wie lid fan de fuotbalklup en is skorst.

(advertinsje)
(advertinsje)